Technea

Fototechneaheader1

"De bedriuwen hawwe in ferlykbere bedriuwskultuer en dat hat resultearre yn in belutsen en betrouber partnerskip.’’

Wim Terpstra — Direkteur by Technea

Technea is in duorsume gruthannel mei in unyk assortimint oan duorsume ynstallaasjetechniken. It bedriuw ymportearret syn produkten benammen út Europa en Sina wei. Oer dy produkten giet dêrnei it ‘Technea-sauske’ om sa as einprodukt by de ynstallateur levere te wurden.

Sûnt begjin 2017 is Technea in gearwurking mei Veenstra|Fritom oangien. It bedriuw wie op syk nei in nije ferfierder, om't sy mei troch in oername net mear tefreden wie oer harren ferfierder. Nei in seleksjetrajekt fûnTechnea yn Veenstra|Fritom de perfekte partner. In regionale ferfierder mei in fergelykbere bedriuwskultuer. De kar foar in regionale partner wie in bewuste: it bedriuw besiket safolle as mooglik mei regionale partners te wurkjen. Fansels sûnder kwaliteitsferlies, want de kwaliteit stiet altiten foarop!

Wêr’t Technea tige oer te sprekken is, binne de sjauffeurs fan Veenstra|Fritom. “It binne allegearre aardige en freonlike minsken.” Wim Terpstra, Direkteur by Technea ‘’Ik wit net hoe’t jimme de seleksjeprosedueren dogge, mar bliuw it yn elk gefal sa dwaan. De sjauffeurs binne net allinnich it fisitekaartsje fan Veenstra|Fritom, mar ek dy fan Technea! Sy ride ommers mei Techea-produkten en komme by de klanten. Veenstra|Fritom is en fielt dêrom ek wier as in ferlingstik fan de organisaasje." De relaasje Technea-Veenstra|Fritom karakterisearret Fryske nochterheid. 

Fototechnea1
Fototechnea2

By Technea sit it him yn it totaalplaatsje. ‘’It moat gewoan goed en as der wat sein wurdt, moat it gewoan barre. Sa is it wichtich hoe’t sjauffeurs har hâlde en drage nei de klant ta, sy moatte altyd profesjoneel en netsjes foar de dei komme.’’ Mei de sjauffeurs fan Veenstra|Fritom wit it bedriuw wis dat dat ek bart. ‘’Dêrnjonken hat Veenstra|Fritom represintatyf materiaal dat goed op oarder is en troch har eigen IT-ôfdieling is ek de digitalisearring fan hege kwaliteit.’’ Snoade en handige softwarekeppelingen kinne op dy manier fluch ymplemintearre wurde.

In regionale en lange relaasje lykas dy fan Technea en Veenstra|Fritom past tige by de filosofy fan it bedriuw. As duorsume gruthannel is it fansels wakker wichtich om sa duorsum mooglik wêzen, sa fertelt in trotse hear Terpstra fan Technea: ‘’Net allinnich ús artikels binne duorsum, mar yn ús bedriuw wurdt ek noch ris mear enerzjy opwekke as ferbrûkt. We dogge fansels alles biologysk, binne maatskiplik belutsen, stimulearje duorsumens by ús meiwurkers. We binne in topbedriuw!’’

Benieuwd wat Veenstra|Fritom kan betekenen voor uw logistieke keten?

Veenstra Fritom 72

Wietze de Vries
Sales manager